Alkoholkontrôle yn Fryslân
By in grute alkoholkontrôle yn ûnder oare de gemeenten Harns, Smellingerlân en Opsterlân hat de plysje fannacht in lytse 1100 automobilisten oanholden. Uteinlik waarden der 18 bonnen útskreaun foar it riden mei drank op.
Yn trije gefallen wie safolle drank yn it spul dat ek it rydbewiis ynlevere wurde moast.