Rydbewizen ynlevere

26 sep 2009 - 14:17

By in snelheidskontrôle binne freed in oantal minsken har rydbewiis kwytrekke, omdat se fierstente hurd rieden. Op de Harnzerstrjitwei yn Ljouwert ried in 26-jierrige Ljouwerter 157 kilometer yn 'e oere, dus 57 te hurd.

Op itselde plak kaam in Dronrypster (25) mei 186 op de teller foarby. Foar him wie it de tredde kear dat er syn rydbewiis ynleverje koe.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)