Soad rôffûgels ferfolge

In deade rôffûgel
Fryslân hat in minne reputaasje at it giet om hoe't wy omgean mei rôffûgels. Yn Europa is ús provinsje ien fan de gebieten dêr't de bisten it meast ferfolge wurde. Dit jier allinnich al binne der mear as 65 nêsten fernield en leechhelle.
Tsientallen mûzebiters binne fergiftige. De dieders binne dreech op te spoaren troch de plysje. Om dat te ferbetterjen jout de plysje kursussen oan natuerbeskermers. Sneontemoarn wie sa'n kursus yn Appelskea.