Lykspul foar Cambuur

Jeffrey de Visscher (foto: Dirk Jan Haarsma)
Cambuur kaam freedtejûn yn it eigen stadion tsjin RBC Roosendaal net fierder as in 1-1 lykspul. Jeffrey de Visscher makke yn de 35e minút de 1-0 foar de Ljouwerters út in penalty.
Yn de 89e minút kaam RBC op 1-1 troch in goal fan Nelson. It wie in teloarstellende wedstriid. Cambuur krige hast gjin kânsen. Ek it spul wie net bysûnder. Troch it lykspul fan Cambuur kin Go Ahead Eagles snein de earste perioade pakke. In lykspul tsjin Veendam is dan genôch.