Ljouwert besparret op pjutten

25 sep 2009 - 21:35

De gemeente Ljouwert kin yn de kommende trije jier 500.000 euro besparje op de pjutteboartersplakken as der effisjinter wurke wurdt. De organisaasje Sinne Welzijn is lykwols bang dat it om in besuniging giet en hat de gemeente in brief skreaun dat dy him net oan de ôfspraken hâldt.

De gemeente soe tasein hawwe dat der net beknibbele wurdt op de pjutteboartersplakken en de berne-opfang. Neffens wethâlder Krol is der gjin sprake fan in besparring.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)