'Mear oer wetter ferfiere'

25 sep 2009 - 21:13

Fryske gemeenten moatte folle mear dwaan om it ferfier oer it wetter te stimulearjen. Dogge se dat net dan moatte ynvestearings yn de oanlis fan akwadukten opnij besjoen wurde. Neffens de provinsje moatte de gemeenten folle mear sjen nei de mooglikheden fan it wetter.

Benammen in stêd as Ljouwert lit kânsen lizze. En dat kin net as je graach akwadukten ha wolle om better berikber te wurden. It soe gean kinne om de op- en oerslach fan konteners.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)