No Time to Waste fideowinner

25 sep 2009 - 16:56

It fideospul "No Time to Waste" hat de game-ûntwikkelwedstriid fan G-AMEland op Amelân wûn. Dizze hiele wike hawwe de 13 dielnimmende teams dagen en nachten achter de laptop sitten om nije games te meitsjen.

It tema fan de wedstriid wie duorsumheid en de winnende game spilet yn en om in ôffalferwurkingsfabryk. De organisaasje hie op mear dielnimmers rekkene as 85, mar wit no al dat der takom jier by de tredde edysje trije kear safolle dielnimmers wêze sille.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)