Gjin wanklanken op De Harkema

In goeie sfear op De Bosk
Ek al ferlear Harkemase Boys tongersdei mei 0-5 fan Feijenoord, de sfear wie der net minder om. It publyk geniete fan de besite fan sa'n grutte topklub. Ek de Feijenoord-supporters hawwe net foar problemen soarge. Goed 60 plysjes wiene tongersdei oanwêzich op en om sportpark De Bosk om problemen foar te kommen.
Al gau nei ôfrin fan'e wedstryd gie it grutste part fan de goed 5500 besikers nei hûs. De plysje soarge derfoar dat it ferkear goed fuortkomme koe.