Kampanje tsjin drankmisbrûk

25 sep 2009 - 14:19

De provinsje Fryslân wol yn de mande mei in grut tal organisaasjes it drankmisbrûk ûnder jongeren oanpakke. Freedtejûn by de fuotbalwedstryd Cambuur-RBC Roosendaal is de start fan de kampanje 'Nuchtere Fries'. De kampanje hat as doel om jongeren bewust te meitsjen fan it gebrûk fan alkohol en de konsekwinsjes dêrfan.

De kommende trije jier lûkt in kampanjebus troch Fryslân om jongeren tusken de 12 en 24 jier op festivals en eveneminten te wizen op risiko's.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)