Start Team Ynboargering

© Omrop Fryslân
It Team Ynboargering moat meihelpe it tal minsken dat in ynboargeringskursus folget flink omheech te krijen. Dat sei wethâlder Sluiter fan Ljouwert freed by de start fan it tiim. Sluiter moast tongersdei by minister Van_der_Laan komme om út te lizzen wêrom´t mar sa´n bytsje minsken de kursus folget.
Yn Ljouwert soene yn trije jier tiid 750 minsken wat leare moatte oer de Nederlânske taal en maatskippij, mar dat tal is lang net helle. Ljouwert rekkent foar dit jier op 200 kursisten.