Protestaksje AOW fan 65 nei 67

© Omrop Fryslân
Op woansdei 7 oktober wurdt yn Ljouwert in protestaksje holden tsjin de plannen fan it regear om de AOW-leeftyd fan 65 nei 67 jier te ferheegjen. De aksje fan fakbûn FNV sil yn it middeisskoft holden wurde by de ING-bank oan de Langemerkstrjitte en is ûnderdiel fan in lanlike aksje.
De FNV ropt wurknimmers op nei de byienkomst te kommen. It fakbûn fynt dat it kabinet de krisis misbrûkt om op de AOW te besunigjen. Dat is ûnakseptabel neffens de FNV.