Pisjende mannen op 'e bon

© Omrop Fryslân
De plysje hat freedtemoarn twa mannen op de Pijp yn Ljouwert proses-ferbaal jûn omdat se tsjin in plysje-auto stiene te pisjen. De plysjes krigen dêroer in tip fan kameratafersjoch.
Doe't de plysjes oankamen, seagen se dat it duo krekt fuortrinne woe. Se sprutsen se oan en joegen opdracht om fuortdalik de auto skjin te meitsjen wylst der hieltyd mear publyk omhinne kaam. Dêrnei krigen beide mannen in bekeuring oerlange.