Ferfelende jonge oanholden

25 sep 2009 - 11:02

In 16-jierrige jonge út Skarsterbrêge is tongersdeitejûn op 'e Jouwer oanhâlden om't er rûzje makke mei oare minsken op strjitte. De jonge waard op de Sinnebuorren oansprutsen troch plysjes dy't fregen oft er ophâlde woe. Hy gie lykwols troch, wêrop't de plysjes him oanhâlden.

De jonge fersette him noch bot, mar hy is dochs meinaam nei it plysjeburo. Hy sit fêst foar ferhoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)