Twa famkes op dievepaad

25 sep 2009 - 10:49

Twa famkes fan 13 en 16 jier út Himpens binne tongersdeitejûn yn Ljouwert oanhâlden nei it stellen fan klean. De famkes hiene earst sportklean stellen út in winkel oan de Skrâns, letter soene se yn in winkel op de Nijstêd lingery stelle, mar se waarden betrape.

De plysje hat de famkes meinaam nei it plysjeburo. Der is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)