Beurzen stellen op It Fean
Minsken op It Hearrenfean moatte goed om har beurs tinke. Dy oprop docht de plysje. Tongersdeitemiddei waarden de beurzen fan twa âldere froulju fan It Fean stellen. Dat barde yn de Sieverstrjitte en De_Passage.
De beurzen waarden út de tassen fan de froulju stellen. De froulju hawwe oanjefte dien en de plysje docht ûndersyk.