Tsien miljoen útkearingsfraude

25 sep 2009 - 10:26

De Sociale Recherche Fryslân hat oer de perioade 2005 oant en mei 2008 sawat tsien miljoen euro oan útkearingsfraude opspoard. It giet dan om sa'n seishûndert saken ferdield oer njoggenentweintich gemeenten yn Fryslân. Ek binne der 184 útkearings beëinige. Dêrmei is nei alle gedachten in bedrach fan goed twa miljoen euro oan útkearingsjild besparre.

De Sociale Recherche Fryslân ferwachte foar dit jier sa'n twa miljoen euro oan útkearingsfraude op te spoaren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)