Busferbinings Drachten oanpast

24 sep 2009 - 20:17

Ferfiersbedriuw Qbuzz past in tal busrûtes yn en om Drachten oan. Dêrtroch ride der fan 12 desimber ôf ek wer streekbussen troch De Pein, Nyegea en Houtigehage. Yn it ferline binne de doarpen út rûtes skrast fanwege besunigings.

De gemeente Smellingerlân hat om oanpassing fan de busrûtes frege en betellet ek 105.000 euro mei oan de realisaasje fan mei-inoar tolve nije bushaltes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)