Harkemase Boys út beker

Feijenoord yn de oanfal (foto: Martin de Jong)
Harkemase_Boys is der tongersdei net yn slagge earedivisionst Feyenoord te ferslaan. De bekerwedstriid waard mei 5-0 wûn troch de Rotterdammers.
Yn it earste heal oere makken de Boys it de Feyenoorders knap lêstich. Nei de 0-1 fan Diego_Biseswar wie der gjin hâlden mear oan en koe Feyenoord troch doelpunten fan Leroy_Fer en Ron_Vlaar útrinne nei 3-0 by it skoft. Roy_Makaay makke de 4-0 en 5-0. De wedstriid luts in soad publyk. Sa´n 5500 minsken wiene op Sportpark De Bosk.