Bou Dalstrahiem út ein set

© Omrop Fryslân
Surhústerfean krijt yn in rap tempo in oar gesicht. Tongersdei is de bou fan appartemintekompleks Dalstrahiem út ein set. It kompleks krijt in parkearkelder en mei-elkoar 39 apparteminten. It kostet 9 miljoen euro.
Dalstrahiem wurdt boud troch Jorritsma Bouw út Boalsert. Boargemaster Van_der_Zwan fan Achtkarspelen joech tegearre mei Bouwien_Dalstra it offisjele startskot.