Hut skriuwt yn brêgehúske

24 sep 2009 - 15:31

Arjan Hut skriuwt syn nije boek Fokke Mâl yn it brêgehúske by de Beursbrêge yn Ljouwert. Hy is tongersdeitemoarn mei skriuwen út ein set.

Hut seit in soad ynspiraasje fan it húske te krijen. It stiet op in drok punt yn it sintrum fan 'e stêd foar de iepenbiere biblioteek oer. Der komme altyd in hiel soad minsken del. Alle dagen fan acht oant ien oere sit Hut dêr te skriuwen. Fokke Mâl is in berneboek. Yn desimber moat it klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)