Fryske ferzje fan Bosatlas

24 sep 2009 - 11:26

Der komt in Bosatlas spesjaal foar Fryslân. It giet om in fariaasje op 'e bekende Grote Bosatlas dy't op skoallen brûkt wurdt. Fan dy lanlike atlas wiene al ferskate regionale útjeftes, mar noch net ien foar Fryslân. Op 22 oktober komt dy no út. Utjouwerij Noordhoff yn Grins hopet der 10.000 fan te ferkeapjen. Yn 'e Fryske Bosatlas stean siden oer skiednis, fierljeppen en keatsen, mar ek oer de fuotbalklups Cambuur en Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)