Graffityspuiters Lawei oppakt

24 sep 2009 - 10:57

De plysje fertinkt trije jonges út Drachten fan it spuitsjes fan graffity op de muorren fan teater De Lawei yn harren eigen wenplak. De trije fan 15, 16 en 19 jier waarden woansdeitenacht oanhâlden nei in tip fan in foarbygonger.

By de oanhâlding hiene de jonges spuitbussen by harren. De trije binne foar ferhear fêstset op it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)