Sels sikehûs útsykje

24 sep 2009 - 10:53

Klanten fan De Friesland Zorgverzeker kinne tenei sels kieze nei hokker sikehûs se wolle sûnder finansjele gefolgen. De Friesland die sûnt ferline jier in proef. As klanten nei it sikehûs giene dat de fersekerder útsocht hie, dan hoegden se de eigen risiko net te beteljen.

Mar der is ûnfrede oer de regeling. Klanten kieze leaver sels wêr't se hinnegean. De Friesland docht de kommende tiid fierder ûndersyk nei wat de klant wol.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)