Boekrôf 't Fean oplost

24 sep 2009 - 10:41

De broekrôf fan freedtejûn op It Hearrenfean is oplost. Trije manlju binne dêrfoar oanhâlden. Se lutsen freedtenacht in Feanster stapper ûnder twang de broek út en namen de broek mei dêryn jild en in mobile telefoan mei.

De fertochten binne twa jongemanlju fan 21 jier en ien fan 24. Se wurde freed foarlaat oan 'e rjochter-kommissaris. Dy bepaalt oft se noch langer fêstsitten bliuwe moatte. De bestellen man hat syn guod weromkrige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)