Motorrydster falt op rotonde

24 sep 2009 - 10:34

In motorrydster út Amsterdam is woansdeitejûn ferwûne rekke by in ûngelok op 'e rotonde by de Jouwer. De frou koe har motor op it rûne ferkearsplein net ûnder kontrôle hâlde, nei alle gedachten omdat se te hurd ried. Se gie dêrtroch mei de motor ûnderút.

De motorrydster is mei ferwûnings oan 'e earm oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)