Sânklapper SC Hearrenfean

23 sep 2009 - 21:05

De Sportklup Hearrenfean die woansdei wat it dwaan moast: winne fan sneonshaadklasse SDC Putten. Nei in 2-0 stân by it skoft wûnen de Feansters mei 7-0 yn Putten. De ploech fan trainer Jan_de_Jonge sit no by de lêste 32 ploegen yn it KNVB-bekertoernoai.

De Jonge wie bliid mei de sân doelpunten, mar it spul moat noch wol better. De doelpuntemakkers wiene: Hernan_Losada, Oussama_Assaidi, Viktor_Elm (2x) en Michal_Papadopulos (3x).

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)