SC Joure útskeakele foar beker

23 sep 2009 - 20:00

Sportklup De Jouwer is der woansdei net yn slagge om te stunten yn it lanlike bekertoernoai. De Jouster haadklasser ferlear mei 8-0 fan earedivisionist FC Twente.

Foar sa'n 1500 taskôgers koe De Jouwer it Twente op eigen sportpark oan de Hege Simmerdyk net lestich meitsje. De ploech út Enschede skoarde sawol foar as nei it skoft fjouwer kear. De Jousters slaggen der net yn ien kâns ôf te twingen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)