Dantumadiel: Kollumerlân derby

23 sep 2009 - 13:43

Boargemaster Aalberts fan Dantumadiel omskriuwt syn gemeente as in natuerlike fúzjepartner mei Dongeradiel. Hy reagearret dêrmei op it nijs dat B en W fan Dongeradiel kieze foar in fúzje mei Dantumadiel.

Dantumadiel hat in wichtige betingst om te kommen ta in gemeente Dokkumerlân, sa't de nije gemeente neamd wurde. Dat is dat Kollumerlân der noch by moat foar in goede balâns tusken Klaai en Wâlden. It moat noch yn de gemeenteried bepraat wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)