Ungelok yn Ljouwert en op A32

23 sep 2009 - 10:21

Twa minsken binne tiisdei oerbrocht nei it sikehûs nei in oanriding op yndustryterrein De Hemrik yn Ljouwert. In Ljouwerter (26) joech op in krusing mei syn auto gjin foarrang oan in oare automobilist út Ljouwert. Dêrby rekke de feroarsaker fan it ûngelok ferwûne, lykas de passazjier út de oare auto.

In ynwenner (26) fan De Pein rekke tiisdei ferwûne by in ûngelok op A32. Hy rekke troch noch ûnbekende reden in ljochtmêst. De auto sloech oer de kop. Hy is nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)