Ynfojûn oer nije skoalle

© Omrop Fryslân
Op de ynformaasjejûn oer it nije gebou fan basisskoalle De Opslach en skoalmienskip Simon Vestdijk yn Frjentsjer kamen hûndert minsken ôf. Der wiene buertbewenners, âlden en politisy.
It nije gebou moat flakby de rûnwei komme. Der wiene fragen oer de ferkearssitewaasje. De IIsbaanwei is no noch smel, mar sil ferbrede wurde moatte. Alden fan bern op De Opslach meitsje har soargen oer húsfesting yn de tiid fan nijbou.