Trije Fryske cd's yn top 100

23 sep 2009 - 09:22

Der stean dizze wike trije Fryske cd's yn de GFK Dutch Charts. Dat is de list mei de hûndert yn Nederlân bêst ferkochte albums. De CD 'Ave Maria' fan de ferstoarne sjonger Rommy stiet op it 55e plak.

De cd 'Lit my foar jim sjonge' fan Griet Wiersma komt binnen op nûmer 79 en it Lemster Manljuskoar stiet ek wer yn de list. Har al wat âldere album 'It Heitelân' wurdt noch sa faak ferkocht dat it te finen is op nûmer 94.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)