Jild foar skatepark De Gordyk
De gemeente Opsterlân jout goed 60.000 euro foar in skatepark op 'e Gordyk. It grutste diel fan it jild is bedoeld foar de oanlis fan in betonplaat. Foar hast 17.000 euro meie materialen oankocht wurde.
Mei it jild fan de gemeente kin de besteande halfpipe yn it park De Griene Long ferbettere en útwreide wurde. Dat wurdt dien op inisjatyf fan de skateclub yn it doarp. Doel is dat de útwreiding takom jier in feit is.