Baas lulk op buorgemeenten

Boargemaster Ton Baas fan Boarnsterhim
Boargemaster Baas fan Boarnsterhim is min te sprekken oer útspraken fan bestjoerders fan buorgemeenten oer de ferdieling fan de gemeente. Hy sei dat tiisdeitejûn op de riedsgearkomste.
Oan de oarder wie it foarstel fan B en W de boargers de kâns te jaan har út te sprekken oer trije opsjes: in fúzje mei Ljouwert, de gemeente opsplitse of selsstannich bliuwe. De gemeente moat yn alle rêst dit proses trochrinne kinne en oare gemeenten moatte har der net mei bemuoie, sa sei Baas.