Henk Herder by A-junioaren

Henk Herder (foto Dirk Jan Haarsma)
Henk Herder wurdt trainer by de A-junioaren fan it kombinaasjeteam Sportklup Hearrenfean/Emmen. De Fryske trainer wie it lêste jier assistint-trainer fan Trond Sollied by de earste seleksje. Nei it ûntslach fan Sollied wie er mei de direksje yn petear oer in nije funksje.
Herder wie earder ek al trainer by de jeugd fan Hearrenfean. Herder sil by de A-junioaren gearwurkje mei Brugt Bergsma.