Fragelisten foar Opsterlanners

© Omrop Fryslân
Goed 3000 ynwenners fan Opsterlân krije meikoarten in fragelist fan de gemeente troch de bus. De gemeente wol mei de list in byld krije fan hoe't de ynwenners oer de leefberens yn Opsterlân tinke. It is foar de tredde kear dat der fragelisten nei ynwenners stjoerd wurde. Dat wurdt dien ûnder de namme Dorpsspiegels.
Doel is dat ein dit jier dúdlik is hoe't de ynwenners oer de leefberens tinke. De resultaten wurde foarlein oan de ferskate pleatslike belangen.