Rapper ynset foar fak Dútsk

22 sep 2009 - 16:53

In Dútske rapper dy't teksten út de klassike literatuer foardraacht foar 400 skoalbern. Skoallemienskip Liudger yn Drachten set alle moderne middels yn om de Dútske taal wer populêr te meitsjen by de jongerein.

Hieltyd minder bern kieze op 'e middelbere skoalle foar Dútsk as eksamenfak. Skoallemienskip Liudger hie dêrom de populêre Dútske rapper Doppel U útnoege, dy't literêre teksten fan skriuwers as Goethe en Schiller yn in modern jaske ferpakt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)