Jong en âld yn ien gebou

It nije wen- en soarchsintrum yn Hallum
Yn it nije wen- en soarchkompleks Offingaburg yn Hallum wenje senioaren en jonge gesinnen mei bern mei-inoar yn ien kompleks. Dat is unyk foar Fryslân. Underoan de terp midden yn it doarp dêr't foarhinne koekjesfabryk Hellema stie, is no in splinternij wen- en soarchkompleks delset.
De fjirtjin apparteminten foar âlderen en de seis gesinswenten binne allegear al ferhierd. By de twa ferpleechgroepen foar dementearjenden binne noch wol plakken frij.