Gjin nij belied by provinsje

22 sep 2009 - 16:10

De provinsje hat soargen oer de begrutting. Der is gjin jild foar nij belied, en Fryslân krijt 25 miljoen minder út it provinsjefûns. Neffens finansjeel deputearre Galema moat der fan 2011 ôf besunige wurde. Der wurdt takom jier noch wol 50 miljoen yn projekten ynvestearre, mar dat is op basis fan al makke ôfspraken.

Jild foar nij belied is der net. Neist de koarting op it provinsjefûns is Galema benaud dat de ryksoerheid ek op oare ynkomsten koartsje sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)