Frou stelt út winkel

© Omrop Fryslân
De plysje hat moandei yn Drachten in 32-jierrige frou út dat plak oanhâlden. Se waard fertocht fan winkelstellerij.
In tsjûge seach dat de frou toiletartikels meinaam sûnder te beteljen en warskôge it winkelpersoniel. Dat hâlde de frou oan en warskôge de plysje. Dy naam har mei nei it buro. Nei ferhoar mocht se mei in proses-ferbaal wer nei hûs.