Rydbewiis hurdrider ynnaam
In 41-jierrige man út Woerden is moandei syn rydbewiis kwytrekke by Ypekolsgea. By in laser-kontrôle op de N928 seach de plysje dat de man mei 131 kilometer yn de oere foarby kaam. De maksimum-snelheid is dêr tachtich kilometer yn de oere.
De man moast syn rydbewiis ynleverje. Hy krige in proses-ferbaal.