Nij gebou postdoweklup Holwert

© Omrop Fryslân
Postdoweferiening De Kustvliegers fan Holwert ferhuzet mooglik noch foar de ein fan dit jier nei in nij ferieningsgebou. De feriening sit no yn de eardere brânwachtkazerne yn it doarp, mar omwenners klagen oer ferkearsoerlêst. De gemeente Dongeradiel fynt boppedat dat it gebou net past by de nijbou dy't dêr yn de buert komme moat.
De gemeente jout no 65.000 euro subsydzje foar in nij klubgebou oan de Fiskwei.