Kultureel Fryslân tinkt mei

21 sep 2009 - 23:23

Kultureel en bestjoerlik Fryslân stipet deputearre Jannewietske de Vries yn har plan om Fryslân yn 2018 kulturele haadstêd fan Europa te meitsjen. Dat waard moandeitejûn dúdlik yn Ljouwert.

Twahûndert bestjoerders, keunstners, direkteuren fan organisaasjes en oaren wienen nei Ljouwert kommen om te praten oer it plan. Der moat de kommende trije jier fan alles barre want yn 2013 moat dúdlik wurde oft Fryslân de titel krijt of net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)