Oranje fuotbalfamkes winne

De Nederlânske famkes rôlen Litouwen op mei 7-0 (foto Martin de Jong)
It Nederlânske frouljusalvetal ûnder de 19 jier hat moandeitejûn yn Easterwâlde mei 7-0 wûn fan Litouwen. Yn de nasjonale seleksje sitte fjouwer spylsters fan SC Hearrenfean. De wedstriid tsjin Litouwen wie ien yn 'e foarronde fan it Europeesk Kampioenskip.
Der kamen in pear hûndert taskôgers ôf op de wedstriid. Dit hat neffens koach Hesterine de Reus te krijen mei de populêrens fan it 'echte Oranje' op it EK yn Finlân ôfrûne simmer.