Huzeprizen wer bytsje omheech

21 sep 2009 - 14:49

De prizen fan keapwenten binne it lêste jier sakke mei 5,6 prosint. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek, it CBS. Opfallend is dat wenningen yn Fryslân, Utrecht en Flevolân de lêste moanne wer in bytsje djoerder wurden binne. Yn oare provinsjes binne huzen wer goedkeaper wurden.

Yn augustus binne in lytse 10.000 wenningen fan eigner wiksele. Dat is 38 prosint minder as yn augustus ferline jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)