It Frysk Museum 'breekt uit'

It Frysk Museum
Yn it Fries Museum yn Ljouwert wurdt wurke oan ien fan 'e lêste grutte útstallings op it âlde plak. It giet om de útstalling 'Fries Museum breekt uit' oer Grutte Pier en acht oare tema's út de Fryske skiednis.
De presintaasje moat opfallend wurde. Skilderijen hingje skeef oan de muorre, fitrines lykje omfallen te wêzen en oeral tusken de âldheden steane lytse mantjes mei grappige teksten.