Plysje hâldt drankriders oan

21 sep 2009 - 09:47

Fjouwer drankriders koene sneintenacht harren rydbewiis ynleverje by de plysje. It giet om in 42-jierrige man fan It Hearrenfean, in 24-jierrige man út Frjentsjer en in 21-jierrige man út Nij Beets.

De fjirde man waard oanhâlden yn Ljouwert. De 48-jierrige Ljouwerter yn kwestje wie it net iens mei de gong fan saken. Hy misledige de plysjeminsken.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)