Belesting Ljouwert net omheech

De finansjele pine yn Ljouwert liket yn 2010 noch ta te fallen....
Nettsjinsteande de krisis hoege ynwenners fan Ljouwert takom jier net mear belesting te beteljen. De belesting giet sels wat omleech. De ozb bygelyks giet mar mei 0,1 persint omheech, de ôffalstoffeheffing sakket mei 2,5 persint. Dat docht bliken út de begrutting fan Ljouwert foar 2010.
Foar de kommende twa jier stiet de gemeente der noch goed foar, pas yn 2012 moat besunige wurde. De gemeente docht dat troch effisjinter te wurkjen, der krije gjin minsken dien.