Snits wint; De Jouwer ferliest

De Jouwer kaam snein tekoart tsjin Lienden (foto Martin de Jong)
Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart hat snein in prima oerwinning helle yn Haaksbergen. De Snitser wûnen mei 2-1 fan HSC'21. By it skoft wie de stân noch 0-0. Yn de twadde helte kaam Snits op in 1-0 efterstân. Kassim Bizimana makke foar de Snitsers de lykmakker. Yn de 88e minút makke Age Heins Boersma de winnende treffer.
De Jouwer ferlear op it eigen fjild mei 2-1 fan koprinner Lienden. Dy útslach wie terjochte. Lienden wie de bettere ploech.