Slim ferwûne by ûngelok
In 20-jierrige ynwenner fan De Triemen is sneontejûn slim ferwûne rekke by in iensidich ûngelok op de Simmerdyk by Westergeast. Troch noch ûnbekende oarsaak rekke de man fan de dyk en ried tsjin in beam oan.
Hy rekke beknypt en moast mei de traumahelikopter ôffierd wurde nei it sikehûs yn Grins.