Oppakt foar mishanneling

20 sep 2009 - 14:34

In ynwenner (22) fan Drachten en in plakgenoat (23) binne sneontenacht oppakt troch de plysje. Beide manlju soene in útbater fan in kroech yn it doarp klappen jûn ha. Se kamen de saak op it spoar doe't de 22-jierrige op strjitte in soad leven makke om't ien in dûk yn syn auto skopt hie.

Omstanners fertelden de plysje doe oer de mishanneling. Hy moast mei nei it buro en út de oanjefte die bliken dat ek de 23-jierrige der wat mei te krijen hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)